Bedriuwslibben & toerisme
Wat binne wy moai fuort net? De Fryske taal en kultuer is unyk foar ús provinsje. Yn it bedriuwslibben en de toeristyske sektor is hieltyd mear omtinken foar de krêft en mearwearde fan de Fryske taal. It is in ‘unique selling point’ en in manier om dy as bedriuw te ûnderskieden fan de konkurrinsje. As gemeente wolle we dat it Frysk ek impact krijt bûten it gemeentehûs. Dêrom wolle wy bedriuwen stimulearje om de mearwearde fan it Frysk yn te sjen sadat sy it Frysk faker brûke. Dêrby slute wy oan by de inisjativen dy’t út de provinsje Fryslân en de Afûk wei al rinne.