Frysk yn ‘e gemeente

De gemeente hat in foarbyldfunksje en dit jildt ek foar it brûken fan it Frysk. Yn it klantkontakt fine wy it wichtich dat ynwenners de taal brûke kinne dêr’t se har it noflikst by fiele, oft dat no Frysk of Nederlânsk is. Seker wannear’t it om stipe giet, is it wichtich dat ynwenners har op har gemak fiele en taal spilet dêr in wichtige rol yn. Frysk is dêrmei ek wichtich foar ús tsjinstferliening. Wy fine it wichtich dat de gemeenten webside útstrielt dat wy in Fryske gemeente binne, dat rjochting ynwenners sichtber is wat wy foar it Frysk dogge en hokker praktyske mooglikheden der binne. Tink dêrby oan trouwen yn it Frysk, Frysk op it gemeentehûs of ynformaasje foar (takomstige) âlden. Oan de iene kant giet it om ynformaasje oer it Frysk en oan de oare kant om mear sichtberens yn it Frysk. Sa wolle wy it brûken fan it Frysk stimulearje en normalisearje.

Frysk Taalbelied 2025–2028

It Frysk is in wichtich ûnderdiel fan de Fryske identiteit. Wy binne grutsk op de taal en fine it wichtich dat de taal behâlden bliuwt. Wy wolle graach dat it Frysk sichtber en fanselssprekkend wurdt, sadat Friezen harren frij fiele om de taal faker te brûken en net-Friezen faker yn oanrekking komme mei it Frysk. Wy wolle it Frysk normalisearje en fine dat de gemeente dêr in foarbyld yn ferfollet. Wy wolle dat it Frysk him net beheind ta privee- of ynformele situaasjes, mar oeral yn de maatskippij werom komt. As gemeente drage wy de taal aktyf út en stypje inisjativen út de mienskip wei. Wy wolle ek impact bûten de gemeente en sykje hjiryn de ferbining mei lokale partijen en ûndernimmers.

Konkrete útgongspunten:

  1. Frysk en Nederlânsk binne lykweardich
  2. Wy kieze foar dûbeltalich
  3. De gemeente hat in foarbyldfunksje. De gemeente draacht it Frysk sels aktyf út en nûget ynwenners út om te taal te brûken
  4. De gemeente moat de sichtberens en it brûken fan it Frysk aktyf stimulearje
  5. De gemeente kreëarret in omjouwing dêr’t ynwenners yn kommunisearje kinne yn de taal dy’t foar harren fertroud is.

Mear ynformaasje hjiroer kinst fiene yn ús ambisjeuse Frysk Taalbelied 2025 – 2028. Fia ûndersteand formulier kinne jo ús Frysk Taalbelied 2025 – 2028 ûntfange yn jo mailbox.

"*" geeft vereiste velden aan

Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Dit formulier is beveiligd met reCAPTCHA. Het privacybeleid(opent in nieuw tabblad) en de servicevoorwaarden(opent in nieuw tabblad) van Google zijn van toepassing.


Beliedsmeiwurker Frysk

Mirjam Bergsma is beliedsmeiwurker Frysk by de gemeente De Fryske Marren. Sy soarget derfoar dat it fêststelde Fryske taalbelied net allinnich moai op papier stiet, mar ek echt ta libben komt yn ’e praktyk.

Dat betsjut: it Frysk yn de gemeente stimulearje, fersterkje en goed sichtber meitsje — want in taal mei sjoen én heard wurde.

Kontakt opnimme mei Mirjam? Dat kin hjir. Se tinkt graach mei en helpt by fragen of oare saken dy’t mei it Frysk te krijen hawwe.