Yn De Fryske Marren wurdt in soad Frysk brûkt, sa 't út sifers bliken docht: 70 oant 80% fan ús ynwenners praat Frysk, 80 oant 90% ferstiet it ek. Wy wolle graach dat dat op syn minst gelyk bliuwt, en leaver noch dat it ferbettert. De gemeente wol dêrom it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Kultuerpriis is dêr in middel ta.

Gemeente De Fryske Marren jout alle jierren de Fryske Kultuerpriis oan in persoan of in ynstelling dy 't it ôfrûne jier in wichtige kulturele bydrage levere hat yn de Fryske taal. De Kultuerpriis bestiet út in jildbedrach fan € 750,00 foar de winnende persoan óf organisaasje.

Wa komt yn oanmerking?

Persoanen, organisaasjes of groepen dy 't har it ôfrûne jier yn De Fryske Marren aktyf ynset hawwe foar de Fryske taal komme yn oanmerking foar dizze priis. Ien persoan moat minimaal ien jier yn gemeente De Fryske Marren wenje en in organisaasje of groep moat minimaal ien jier aktyf wêze binnen de gemeente. Tink dêrby oan de nijkommende dissiplines

  • byldzjende keunst
  • fotografy
  • film
  • multymedia
  • muzyk en sang
  • dûns
  • poëzy en proaza
  • mingfoarmen fan dissiplines

Oanmelde

Kenne jo in persoan, organisaasje of groep dy ’t him it ôfrûne jier ynset hat foar de Fryske taal yn De Fryske Marren? En fine jo dat dizze de Fryske Kultuerpriis 2022 fertsjinnet? Of wolle jo sels de Fryske Kultuerpriis yn 'e wacht slepe? Meld jo dan oan of draach foar 30 maaie 2022 in kandidaat oan fia it oanmeldformulier.

Oanmelde ynisjatyf

Hoe wurket de takenning

De sjuery kiest út de oanmeldingen ien persoan, organisaasje of groep dy 't nominearre wurdt foar de Kultuerpriis. De prizen en nominaasjes rikt in lid fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders út.

Gearstelling sjuery

De sjuery bestiet út:

  • Jelle Wesselius
  • Douwkje Douma (Projektkoördinator by Afûk)

Winner 2017

Kunstkring Gaasterland wûn de Kultuerpriis De Fryske Marren 2017.
Foarsitter fan de Keunstkring Anne Herrema: “ Moai dat der wurdearring is foar de Kunstkring Gaasterland. Al hast 10 jier bringe wy op in leechdrompelige wize keunst en kultuer ûnder de oandacht fan in breed publyk. Dat is ús belangrykste doel, mar it giet om mear as dat. Wy besykje mei ús aktiviteiten minsken mei-inoar yn kontakt te bringen op in oare, neffens ús orizjinele wize. Kultuer yn 'e breedste betsjutting fan it wurd ymplisearret dat wy ferbining fiele, yn gearhing mei wat ús fan inoar ûnderskied! Dat is wat ús driuwt en dêr gean wy mei troch. It is geweldich moai dat ús wurk wurdearring krijt en dat dit ta utering kaam yn it ûntfangen fan de alderearste kultuerpriis fan de gemeente De Fryske Marren. Dêr binne wy grutsk op ".

Winner 2018

Dichter en skriuwer Eppie Dam fan Sleat hat de Kultuerpriis yn 2018 wûn. Hy skreau de bondel Ienkennich lânskip. De karkommisje seit yn it sjueryrapport dat “it boek in útdaagjend en ynspirearjend projekt is, dat dichter Eppie Dam en byldzjend keunstner Gijs Dragt (fotografy) tegearre makke hawwe. Dy gearwurking hat laat ta in bysûndere dichtbondel. It boekwurk lit yn tachtich siden sjen hoe ’t beide keunstners it lânskip observearje en belibje en hoe't dat har ynspirearret. Dêrby joech de kwaliteit fan de bondel njonken de bewûndering foar oar wurk fan Dam úteinlik de trochslach. Syn poëzy (en it oare wurk yn in grut ferskaat) is fan in heech nivo”.

Winner 2019

Wethâlder Luciënne Boelsma rikke op de nijjiersgearkomst fan de gemeente de Fryske Kultuerpriis út oan it bestjoer fan nijjiersrevu De Jouwer. Bestjoersleden Durk Brouwer en Vivian Holtrop-Brattinga namen de priis fan € 750 yn ûntfangst. De sjuery oer de winners: “al 33 jier set dizze stifting alle jierren in kompleet Frysk stik op de planken. Ek begjin 2020 komme sy wer mei wat nijs. Mei muzyk, toaniel, humor, dûns… en boppedat allegear sels skreaun! Yn har soart is dit ien fan de twa âldsten fan Fryslân: in stabile faktor yn ús lokale Fryske kultuer. De Jouwer is in grut plak, it is in keunst om der bining yn te hâlden. Dizze stifting docht dat”.

Winner 2020

Stoffel Zandstra fan De Lemmer hat de Fryske Kultuerpriis 2020 fan De Fryske Marren wûn. Zandstra is nominearre troch meardere persoanen en ferieningen út it doarp. Hy is aktyf as sjonger, skriuwer fan strips en teaterstikken, produsint en muzikant. Hy brûkt net allinne it Frysk, mar hat der tegearre mei syn kompanjon Willem Swart foar soarge dat der in nije ympuls jûn is oan de eigen ' doarpstaal ', it Lemsters.