Keunsten, kultuer & media

Keunsten, kultuer en media binne fan grutte wearde. It emoasjonearret, ynformearret, fermakket en ferriket. Fryske toanielfoarstellingen of musea dy’t wat dogge mei de lokale skiednis; se spylje allegear in wichtige rol yn de sichtberens en de oerdracht fan de Fryske taal en kultuer. As gemeente wolle wy dizze aktiviteiten en inisjativen stypjen bliuwe. Hjirmei slute wy oan by it Keunst- en kultuerbelied 2022-2028.

Fryske Taal- en Kultuerpriis

Yn De Fryske Marren libbet de Fryske taal en kultuer yn ús wurden, muzyk, ferhalen en mienskip. Mei de Fryske Taal- en Kultuerpriis wol de gemeente minsken, ferienings en organisaasjes yn it ljocht sette dy’t bysûnders bydroegen hawwe oan it behâld en de ûntwikkeling fan ús taal en kultuer.

De winners fan de priis krije in wikselbeker en in jildbedrach fan 750 euro, as blijk fan wurdearring foar harren ynset en prestaasjes.

Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de winners fan de Fryske Taal- en Kultuerpriis.

  • 2017: Kunstkring Gaasterland
  • 2018: Eppie Dam
  • 2019: Nijiersrevue De Jouwer
  • 2020: Stoffel Zandstra
  • 2021/2022: Gaastnijs fan Radio Spannenburg
  • 2023: Fryske Krite De Jouwer
  • 2024: Janneke Warringa
  • 2025: Toanielselskip Sint Nyk