Boargemaster Fred Veenstra hold op tongersdeitejûn 6 jannewaris syn jierlikse nijjierstaspraak. Hjiryn seach de boargemaster werom op it ôfrûne jier 2021 en seach er foarút nei 2022, nei de plannen en ferwachtingen yn dizze bysûndere tiid. Dit die hy tegearre mei in tal bekende minsken út ús gemeente, út ferskate sektoaren wei. It giet om Cor Reijenga, teamsjef plysje, Geeske Wiendels, eigenaresse Hotel Jans Rijs en sekretaris Koninklijke Horeca Nederland, ôfdieling Fryslân, Rika Tulner, bestjoerder fan ûnderwiisstifting Nije Gaast, Joop Meinsma, vice-foarsitter fan de gemeenteried en John van Arnhem, bestjoerder fan Zorggroep Hof en Hiem.

Jo fine de Fryske tekst en de Nederlânske oersetting hjir. Jo kinne ek de bylden fan de taspraak op it Youtube kanaal van De Fryske Marren, weromsjen.

Nijjierstaspraak boargemaster Fred Veenstra, De Fryske Marren 6 jannewaris 2022

Bêste Fryske Marders,

Yn it earste plak: foar eltsenien in goed en sûn 2022. Folle lok en seine! Ek dit jier binne wy net by elkoar, mar meitsje wy tankber gebrûk fan de mooglikheden om dizze taspraak digitaal by jo yn ‘e hûs te krijen. Dat jout ek wer nije mooglikheden. Ik tink dat der sa mear minsken yn de gelegenheid binne om myn taspraak te sjen, no of op in letter tiidstip, dan wannear’t wy it yn de riedsseal dogge. Ek kin ik jo op dizze wize aansen in pear opnames fan moaie gesprekken mei minsken út ús mienskip sjen litte. Sa hat elts neidiel ek wer syn foardielen!  

It jier begûn sawat yn alle plakken yn ús gemeente aardich rêstich. Wat my wol opfoel wie dat der nettsjinsteande it ferbod in hiel soad fjoerwurk, somtiden swier fjoerwurk, ôfstutsen waard. It is ferbean, it koe dus net. En bysûnder spitich wie dat der yn Ychtenbrêge úteinlik ynset fan de ME nedich wie.

Oan 'e oare kant snap ik dat in soad minsken ferlet hawwe fan byinoar wêzen. Dêr ha we op dit stuit eins gjin mooglikheden foar. De corona-omstannichheden steane it net ta, mar minsken, wy allegearre, snakke dernei. Ik hoopje oprjocht dat wy mei de folgjende jierwiksel wer yn alle doarpen in echt feest fiere kinne, sûnder oerlêst, sûnder gedoch.  De ME is der om de oarder te hanthavenjen, net om maatskiplike problemen op te lossen. Wy moatte yn alle gefallen as gemeente, doarpsbelangen, en ynwenners,  jong en âld,  yn petear om te sjen wat wy dwaan kinne, yn de kommende tiid en rjochting de folgjende jierwiksel. Hjoed hawwe wy in goed petear mei Doarpsbelang Ychtenbrêge hân.

Genôch oer de jierwiksel. Ik wol efkes weromsjen op 2021. Dat doch ik aanst ek mei in tal minsken út ús gemeente dy 't ik dêroer spruts. Corona hold ús it hiele jier dwaande, of better, it hold ús yn de greep. Al hast twa jier moatte we oars libje as dat wy wend wiene. Mar as ik sjoch nei de gemeente dan sjoch ik dat der nettsjinsteande alle beheiningen in hiel soad dien is. Neist alle gewoane wurksumheden is der yn dit lêste jier fan it hjoeddeistige kolleezje in soad wurk ferset. Ik neam de beliedsplannen foar duorsumens, sinnefjilden en de enerzjystrategy. Maar ek it reyntegraasje- en partisipaasjebelied en it sportbelied. In nij beslút oer it iepen hâlde fan it AZC yn Balk. Wy ha meters makke mei plannen foar maatskiplike foarsjennings yn Balk en op ‘e Jouwer. Der binne plannen foar de feangreideproblematyk fêststeld.

En der leit noch in tal plannen klear der ‘t de ried de kommende wiken en moannen noch oer te set sil. Bygelyks it rekreaasjebelied, it ôffalbelied en ús nije kultuernota. Dêrnjonken is folop wurke oan wenningbouplannen yn ferskate doarpen en stean der de kommende tiid lytse en grutte bouwplannen op stapel, sa as Wyldehoarne 4 op ‘e Jouwer.

Soms binne kolleezje en ried it net mei elkoar iens. Sa is it útstel foar in rekreaasje-ûntwikkeling by Balk net oernaam troch de ried. Mar dat is demokrasy sa 't it heart te wurkjen. De ried makket de finale ôfwaging.

Wat dit jier net trochgie wiene opnij in soad eveneminten. Wat is it foar de organisatoaren en ús as ynwenners en besikers fan bûten spitich dat we dêr net fan genietsje koene. En wat wie it foar ús minsken en foar my persoanlik hieltyd wer in dreech beslút om nee sizze te moatten. Dat makket myn fak der net aardiger op, moat ik jo sizze. Wat in foardiel is datst inoar yn minne tiden goed kennen learst. De kontakten mei bygelyks de skûtsjebestjoeren hawwe noch nea sa yntinsyf west. We binne al lang wer begûn mei de petearen oer de kampioenskippen fan 2022. Oan ús sil it net lizze!

Nettsjinsteande de ôfwêzigens fan eveneminten hawwe in hiel soad toeristen dit jier fan ús gemeente genietsje kinnen. It wie yn de simmer drokker as ea. Dat wie goed foar ús hiele toeristysk sektor en de hoareka. En ek de middenstân koe mei de nedige kreativiteit dochs saken ûndernimme. In foarbyld: de Jouster Merke koe yn de tradisjonele opset net trochgean. Dochs koe hjir yn goede gearwurking tusken ûndernimmers en gemeente wat fan in feestlike stimming ûntstean, ynklusyf de kermis.

Mei de nedige kreativiteit en ynset geane wy as gemeente ek it kommende jier temjitte. Wy gean gewoan troch mei it meitsjen fan bestimmingsplannen, it ferlienen fan subsydzjes, it jaan fan útritfergunningen, rydbewizen of Wmo-foarsjennings. Mar dy kreativiteit is yn it foarste plak nedich foar saken dy ’t oer in langere termyn geane.

We sille bygelyks neitinke oer ús takomst as gemeente. Hoe tinke wy dat ús bernsbern yn dit gebiet libje wolle soene en hoe kinne wy dan no de goede beslúten nimme? Dêr is in lange-termyn fyzje foar skreaun dy 't de kommende wiken oan de ried, oan de lokale polityk oanbean wurdt. Sa kin it in ynspiraasjeboarne wêze foar de ûnderhannelingen oer in nij kolleezje.

Mar ek it regearakkoart foar ús nije kabinet kin dêr in bydrage oan leverje. De útspraken oer de Lelyline meitsje dat ek wy neitinke moatte oer de foardielen en neidielen dy 't dy line mei him meibringt. In typyske lange-termyndiskusje. En it nije kabinet wol fierder mei regiodeals. In moai ynstrumint om yn 'e mande mei ús buorgemeente moaie plannen foar just ús regio te smeien. In regiodeal slute je tegearre. Ik hoopje dat de fjouwer rieden dy’t prate moatte oer de takomst fan ús Sosjaal Wurkfoarsjenningsbedriuw Empatec ek mei elkoar, tegearre, ta in droegen en ienriedich beslút komme. De goed 1000 minsken dy 't dêr wurkje hawwe rjocht op regionale bestjoerlike solidariteit.

Oer solidariteit praat. De ôfrûne perioade docht in swier berop op ús solidariteit, ús libben en ús wurkjen. Yn in tal petearen hie ik it der oer mei fertsjintwurdigers út ferskate maatskiplike sektoaren. We sille der no nei sjen.

(boargemaster Veenstra lit opnames fan eardere petearen sjen)

Fiif petearen.

Ik fûn it prachtich om op dizze wize mei de minsken te praten. In pear saken foelen my derby op.

In it foarste plak: wy libje yn in feilige gemeente. Litte we dat koesterje. Plysje, gemeente, mar ek al dy minsken dy 't belutsen binne by de buertwhattsappgroepen soargje dêrfoar. Dat dogge we tegearre en litte we dat dwaan bliuwe.

We moatte kreatyf wêze. It echte ûndernimmerskip komt no boppe. Dat jildt foar de grutte en lytse ûndernimmers, mar ek foar elkenien dy 't mei goede ideeën ús mienskip ferbetterje wol. Ik tink bygelyks oan de learlingen fan de tienerskoalle op De Lemmer dy 't prachtige ideeën hawwe oer it klimaat en dêroer meikoarten mei my yn petear gean.

“Doch dyn wurk mei wille en tink nei oer watst fan in oar hearst”. In wize les fan de vice-foarsitter fan ús ried. Yn maart ha we gemeenteriedsferkiezings. As wy dy wize les ta motto ferheffe, dan sille wy yn dy nije ried moaie diskusjes krije oer de ûnderwerpen dy 't yn ús gemeente fan belang binne foar ús allegearre.

De leafde en oandacht dy 't yn de soarch jûn wurdt, soargje foar ljochtpuntsjes. En de soarchferlieners binne ek sels ljochtpuntsjes. Net allinnich yn de âldereinsoarch, mar oeral. Oft it no om de húsdokters giet, de thússoarchmeiwurkers, de minsken yn Maeykehiem, se binne allegear ljochtpuntsjes dy 't we nedich ha. En ik rekkenje dêr ek de minsken fan De Kear by, en neam spesjaal de jongereinwurkers dy 't mei in hiel soad ynset soargje dat ús jeugd ek op in goede wize troch dizze coronatiid komt.

En dan de poster dy 't oan de ein yn byld kaam. Hâld moed, haw leaf. We libje yn in yngewikkelde tiid. De measten fan ús besykje der it bêste fan te meitsjen sûnder al tefolle yn diskusje of yn de kontramine te gean. Oan de flanken is der ferbaal ferset. Soms, ek by ús, binne der demonstraasjes. Dat mei en dat fasilitearje we wêr nedich en wêr 't dat kin. Mar lit ús, as leafhawwen tefolle frege is, besykje respekt foar inoar op te bringen, goede omgongsfoarmen brûken te bliuwen en mei kompassy nei inoar yn it libben te stean. As ús dat slagget moat it net dreech wêze om moed te hâlden.

2022 begjint ûnder it juk fan corona. Mei faksinaasjes, medisinen en begeliedende maatregels moat it mooglik wêze, ik bliuw optimistysk, om dit jier ûnder dat juk út te kommen en ús normale libben wer oppakke te kinnen. Sadat De Fryske Marren wer de kleurrike, aktive en noflike gemeente wêze kin dy 't it al wie, dy ’t is en bliuwe sil.

Tankewol.

Nieuwjaarstoespraak burgemeester Fred Veenstra, De Fryske Marren, 6 januari 2022

Beste Fryske Marders,

In de eerste plaats: voor iedereen een goed en gezond 2022. Folle lok en seine!

Ook dit jaar zijn we niet bij elkaar, maar maken we dankbaar gebruik van de mogelijkheden om deze toespraak digitaal bij u in huis te krijgen. Dat geeft ook weer nieuwe mogelijkheden. Ik denk dat er zo meer mensen in de gelegenheid zijn om mijn toespraak te volgen, nu of op een later tijdstip, dan wanneer wij het in de raadszaal doen. Ook kan ik u op deze manier straks een paar opnames van mooie gesprekken met mensen uit onze gemeenschap laten zien. Zo heeft elk nadeel ook weer zijn voordelen!

Het jaar begon ongeveer in alle plaatsen in onze gemeente aardig rustig. Wat mij wel opviel was dat er ondanks het verbod heel veel vuurwerk, soms zwaar vuurwerk, werd afgestoken. Het is verboden, het kon dus niet. En bijzonder jammer was dat er in Echtenerbrug uiteindelijk inzet van de ME nodig was.

Anderzijds snap ik dat veel mensen behoefte hebben aan bij elkaar zijn. Daar hebben we op dit moment eigenlijk geen mogelijkheden voor. De corona-omstandigheden staan het niet toe, maar mensen, we allemaal, snakken ernaar. Ik hoop oprecht dat we tijdens de volgende jaarwisseling weer in alle dorpen een echt feest kunnen vieren, zonder overlast, zonder gedoe. De ME is er om de orde te handhaven, niet om maatschappelijke problemen op te lossen.We moeten in ieder geval als gemeente, dorpsbelangen, en inwoners, jong en oud, in gesprek om te kijken wat wij kunnen doen, in de komende tijd en richting de volgende jaarwisseling. Vandaag hebben we een goed gesprek met Dorpsbelang Echtenerbrug gehad.

Genoeg over de jaarwisseling. Ik wil even terugkijken op 2021. Dat doe ik straks ook met een aantal mensen uit onze gemeente die ik daarover sprak. Corona hield ons het hele jaar bezig, of beter, het hield ons in de greep. Al bijna twee jaar moeten we anders leven dan we gewend waren. Maar als ik kijk naar de gemeente dan zie ik dat er ondanks alle beperkingen veel is gedaan. Naast alle gewone werkzaamheden is er in dit laatste jaar van het huidige college veel werk verzet. Ik noem de beleidsplannen voor duurzaamheid, zonnevelden en de energiestrategie. Maar ook het reïntegratie- en participatiebeleid en het sportbeleid. Een nieuw besluit over het openhouden van het azc in Balk. We hebben meters gemaakt met plannen voor maatschappelijke voorzieningen in Balk en Joure. Er zijn plannen voor de veenweideproblematiek vastgesteld. En er ligt nog een aantal plannen klaar waar de raad de komende weken en maanden nog over gaat praten. Bijvoorbeeld het recreatiebeleid, het afvalbeleid en ons nieuwe cultuurnota. Daarnaast is er volop gewerkt aan woningbouwplannen in verschillende dorpen en staan er de komende tijd kleine en grote bouwplannen op stapel, zoals Wyldehorne 4 in Joure.

Soms zijn college en raad het niet met elkaar eens. Zo is het uitstel voor een recreatie-ontwikkeling bij Balk niet overgenomen door de raad. Maar dat is democratie zoals het hoort te werken. De raad maakt de finale afweging.

Wat dit jaar niet doorging waren opnieuw veel evenementen. Wat is het voor de organisatoren en ons als inwoners en bezoekers van buiten jammer dat we daar niet van konden genieten. En wat was het voor onze mensen en voor mij persoonlijk steeds weer een moeilijk besluit om nee te moeten zeggen. Dat maakt mijn vak er niet aardiger op, moet ik u zeggen. Wat een voordeel is dat je elkaar in slechte tijden goed leert kennen. De contacten met bijvoorbeeld de skûtsjebesturen zijn nog nooit zo intensief geweest. We zijn al lang weer begonnen met de gesprekken over de kampioenschappen van 2022. Aan ons zal het niet liggen!

Ondanks de afwezigheid van evenementen hebben heel veel toeristen dit jaar van onze gemeente kunnen genieten. Het was in de zomer drukker dan ooit. Dat was goed voor onze hele toeristisch sector en de horeca. En ook de middenstand kon met de nodige creativiteit toch zaken ondernemen. Een voorbeeld: de Jouster Merke kon in de traditionele opzet niet doorgaan. Toch kon hier in goede samenwerking tussen ondernemers en gemeente iets van een feestelijke stemming ontstaan, inclusief de kermis.

Met de nodige creativiteit en inzet gaan wij als gemeente ook het komende jaar tegemoet. We gaan gewoon door met het maken van bestemmingsplannen, het verlenen van subsidies, het geven van uitritvergunningen, rijbewijzen of Wmo-voorzieningen. Maar die creativiteit is in de eerste plaats nodig voor zaken die over een langere termijn gaan. We gaan bijvoorbeeld nadenken over onze toekomst als gemeente. Hoe denken we dat onze kleinkinderen in dit gebied zouden willen leven en hoe kunnen we dan nu de goede besluiten nemen? Daar is een lange-termijn visie voor geschreven die de komende weken aan de raad, aan de lokale politiek wordt aangeboden. Zo kan het een inspiratiebron zijn voor de onderhandelingen over een nieuw college. Maar ook het regeerakkoord voor ons nieuwe kabinet kan daar een bijdrage aan leveren. De uitspraken over de Lelylijn maken dat ook wij moeten nadenken over de voordelen en nadelen die die lijn met zich meebrengt. Een typische lange-termijndiscussie. En het nieuwe kabinet wil verder met regiodeals. Een mooi instrument om samen met onze buurgemeente mooie plannen voor juist onze regio te smeden. Een regiodeal sluit je samen.

Ik hoop dat de vier raden die moeten praten over de toekomst van ons Sociaal Werkvoorzieningsbedrijf Empatec ook met elkaar, samen, tot een gedragen en eensgezind besluit komen. De ruim 1000 mensen die daar werken hebben recht op regionale bestuurlijke solidariteit.

Over solidariteit gesproken. De afgelopen periode doet een zwaar beroep op ons solidariteit, ons leven en ons werken. In een aantal gesprekken had ik het erover met vertegenwoordigers uit verschillende maatschappelijke sectoren. We gaan er nu naar kijken.

(Burgemeester Veenstra laat opnames van eerdere gesprekken zien)

Vijf gesprekken.

Ik vond het prachtig om op deze manier met de mensen te praten. Een paar zaken vielen me erbij op.

In de eerste plaats: we leven in een veilige gemeente. Laten we dat koesteren. Politie, gemeente, maar ook al die mensen die betrokken zijn bij de buurtwhattsappgroepen zorgen daarvoor. Dat doen we samen en laten we dat blijven doen.

We moeten creatief zijn. Het echte ondernemerschap komt nu boven. Dat geldt voor de grote en kleine ondernemers, maar ook voor iedereen die met goede ideeën onze gemeenschap wil verbeteren. Ik denk bijvoorbeeld aan de leerlingen van de tienerschool in Lemmer die prachtige ideeën hebben over het klimaat en daarover binnenkort met mij in gesprek gaan.

'Doe je werk met plezier en denk na over wat je van een ander hoort '. Een wijze les van de vicevoorzitter van onze raad. In maart hebben we gemeenteraadsverkiezingen. Als wij deze manier les tot motto verheffen, dan zullen wij in deze nieuwe raad mooie discussies krijgen over de onderwerpen die in onze gemeente van belang zijn voor ons allemaal.

De liefde en aandacht die in de zorg wordt gegeven, zorgen voor lichtpuntjes. En de zorgverleners zijn ook zelf lichtpuntjes. Niet alleen in de ouderenzorg, maar overal. Of het nu om de huisartsen gaat, de thuiszorgmedewerkers, de mensen in Maeykehiem, ze zijn allemaal lichtpuntjes die we nodig hebben. En ik reken daar ook de mensen van De Kear bij, en noem speciaal de jongerenwerkers die met veel inzet zorgen dat onze jeugd ook op een goede manier door deze coronatijd komt.

En dan de poster die aan het eind in beeld kwam. Houd moed, heb lief. We leven in een ingewikkelde tijd. De meesten van ons proberen er het beste van te maken zonder al teveel in discussie of in de contramine te gaan. Aan de flanken is er verbaal verzet. Soms, ook bij ons, zijn er demonstraties. Dat mag en dat faciliteren we waar nodig en waar dat kan. Maar laat ons, als liefhebben te veel is gevraagd, probeer respect voor elkaar op te brengen, goede omgangsvormen te blijven gebruiken en met compassie naar elkaar in het leven te staan. Als ons dat lukt moet het niet moeilijk zijn om moed te houden.

2022 begint tijdens het juk van corona. Met vaccinaties, medicijnen en begeleidende maatregelen moet het mogelijk zijn, ik blijf optimistisch, om dit jaar onder dat juk uit te komen en ons normale leven weer op te kunnen pakken. Zodat De Fryske Marren weer de kleurrijke, actieve en prettige gemeente kan zijn die het al was, die is en zal blijven.

Dank je wel.