‘Ik fiel my sterk ferbûn mei De Fryske Marren’ (16-01-2019)

Afbeelding wethouder Durk Stoker

Durk Stoker uit Koudum is het nieuwste lid van het college van burgemeester en wethouders van De Fryske Marren. Eind november werd hij beëdigd als wethouder namens de FNP. Hij volgt daarmee Johannes van der Pal op. In de laatste maanden van 2018 beleefde het college van gemeente De Fryske Marren bijzondere tijden: in zeer korte tijd moest zij twee wethouders missen wegens gezondheidsredenen. Luciënne Boelsma nam het stokje begin november over van Janny Schouwerwou. Met het aantreden van Durk Stoker is het college weer compleet. De plannen voor 2019 liggen klaar. “Wy binne al oan ‘e slach”, aldus een enthousiaste Stoker.

Cadeautje

Durk Stoker was van 2014 tot 2018 wethouder in buurtgemeente Súdwest-Fryslân. Dat hij dezelfde functie tegenwoordig in De Fryske Marren mag bekleden, is een cadeautje, vindt hij. “Nei myn termyn yn Súdwest-Fryslân ha ik in jier thús sitten. Ik ha dy tiid goed bestege, it wie goed om efkes ôfstân te nimmen en nei te tinken hoe no fierder.” Net op het moment dat Stoker nieuwe toekomstplannen had gemaakt, kwam het wethouderschap bij De Fryske Marren op zijn pad. “Fansels ha ik dêr wol efkes goed oer neitocht”, vertelt Stoker openlijk. “Gewoanwei gean ik net oer ien nacht iis. Mar ik ha ambysjes en wol graach posityf bydrage oan myn omjouwing. En fansels hielendal oan de gemeente dêr’t ik myn jonge jierren trochbrocht ha.”

Sterke band

Stoker is geboren en opgegroeid in Joure. “Ik ha yn myn jonge jierren hiel wat omtoarke yn dit gebiet. De Jouwer wie noch in lyts doarp en wy koene inoar. Myn heit wurke op it gemeentehûs, as bern boarten wy geregeldwei op de treppens fan it âlde gebou. Myn frou en ik binne op in ferskriklik waarme dei yn dit gebou troud. Dat ferjitte jo net. Hjir  lizze in protte moaie oantinkens. Dy betsjutte polityk sjoen miskien net safolle, mar dy soargje der wol foar dat ik my sterk ferbûn fiel mei De Fryske Marren. Dy ferbining mei de omjouwing is wichtich foar my as wethâlder. Is dy der net, dan soe ik dit wurk net dwaan kinne.”

Niet stilgezeten

Stoker bleef echter niet in Joure wonen. Op 21-jarige leeftijd verhuisde hij richting de Randstad. “Myn earste baan wie learkrêft op de legere Julianaskoalle yn Zwijndrecht, in klasse mei 43 bern. Letter waard ik dêr skoalhaad. Yn 1986 kaam ik – no mei in húshâlding mei twa bern – werom nei Fryslân. Yn Koudum koe ik oan ‘e slach as direkteur fan de kristlike basisskoalle, om dêrnei direkteur fan mear skoallen en letter algemien direkteur te wurden fan de Kristlike Skoalferiening Nijefurd.” In 1999 sloeg Stoker een nieuwe weg in. Hij begon voor zichzelf als zelfstandig adviseur en interim-manager.

Voor én met inwoners

“Doe’t ik yn 2014 frege waard om foar de FNP kandidaat-wethâlder te wêzen yn Súdwest-Fryslân wie dat wol in lestige kar. Ik wie noch net sa lang polityk aktyf en seach it wethâlderskip as in serieuze taak, wêrby jo somtiden minder populêre maatregels nimme moatte. Mar as it der op oankomt dogge jo dit foar en mei de ynwenners. Dat is foar my in wichtige driuwfear, want lokale polityk tichteby de ynwenners ha ik heech. Mei-inoar kinne wy hiele goeie dingen dwaan. Net allinne foar ús eigen generaasje, mar foaral ek foar ús bern en bernsbern.”

Dichtbij de burger

Naast het wethouderschap is Stoker ook bestuurslid van de Onafhankelijke SenaatsFractie (OSF), een samenwerkingsverband van
onafhankelijke lokale en regionale partijen die gezamenlijk een zetel in de Eerste Kamer vertegenwoordigen. “De OSF wol dat lokale partijen meiprate kinne op it plak dêr’t lanlik belied bepaald wurdt. Beslissingen moatte sa ticht mooglik by de ynwenners nommen wurde. Dat fyn ik hiel wichtich. Elkenien moat de kâns krije om ynfloed út te oefenjen op wat der om ús hinne bart. De stim fan elkenien telt. Dêr wurkje ik foar”, besluit Stoker.