Kultuerpriis De Fryske Marren 2018 takend oan Eppie Dam (03-01-2019)

Dit item is verlopen op 13-01-2019.
Afbeelding Eppie Dam

Wethâlder Durk Durksz rikke op de nijjiersgearkomst fan de gemeente de Kultuerpriis út oan dichter en skriuwer Eppie Dam út Sleat. In karkommisje, besteande út Karel Gildemacher fan De Jouwer, Baukje Meetsma fan De Lemmer en Anne Herrema fan Balk, hat Eppie Dam selektearre út 13 foardrachten. Dêrfan hellen 4 de twadde omloop: de berneboekedei fan Terherne, de rockopera Tommy fan De Jouwer, iepenloftspul Weispield fan Bantegea en Eppie Dam, mei syn bondel Ienkennich lânskip.

In útdaagjend en ynspirearjend projekt

De karkommisje  seit yn it  sjueryrapport dat “it boek in útdaagjend en ynspirearjend projekt is, dat dichter Eppie Dam en byldzjend keunstner Gijs Dragt (fotografy) tegearre makken. Dy gearwurking hat laat ta in bysûndere dichtbondel. It boekwurk lit yn tachtich siden sjen hoe ’t beide keunstners  it lânskip observearje en belibje en hoe't dat har ynspirearret. Derby joeg de kwaliteit fan de bondel njonken de bewûndering foar oar wurk fan Dam úteinliken de trochslach. Syn poëzy (en it oare wurk yn in grut ferskaat)  is fan in heech nivo”.

Grutte wurdearring foar de oare nominearden

It kolleezje fan Boargemaster en wethâlders hat it adfys fan de kommisje oernommen. Tagelyk is der ek grutte wurdearring foar de oare nominearden. Meinammen Weispield en Tommy hawwe de gemeente yn 2018 kultureel op de kaart set. De berneboekedei yn Terherne is in moai foarbyld foar oare plakken om de jeugd (de âlders en pakes en beppes) entoesjast te meitsje foar de Fryske taal. En dêr is de priis úteinliken ek foar bedoeld.


Cultuurprijs De Fryske Marren 2018 toegekend aan Eppie Dam

Wethouder Durk Durksz reikte op de nieuwjaarsbijeenkomst van de gemeente de cultuurprijs uit aan dichter en schrijver Eppie Dam uit Sloten. Een selectiecommissie, bestaande uit Karel Gildemacher uit Joure, Baukje Meetsma uit Lemmer en Anne Herrema uit Balk, heeft Eppie Dam geselecteerd uit 13 voorstellen. Daarvan haalden vier de tweede ronde: de Berneboekedei van Terherne, de rockopera Tommy van Joure, iepenloftspul Weispield van Bantega en Eppie Dam, met zijn dichtbundel Ienkennich lânskip.

Een uitdagend en inspirerend project

De commissie zegt in het juryrapport dat het boek een uitdagend ene inspirerend project is, dat dichter Eppie Dam en beeldend kunstenaar Gijs Dragt (fotografie) samen maakten. De samenwerking heeft geleid tot een bijzondere dichtbundel. Het boekwerk laat in 80 pagina’s zien hoe beide kunstenaars het landschap observeren en beleven en hoe hen dat inspireert. Daarbij gaf de kwaliteit van de bundel, naast de bewondering voor het werk van Dam, uiteindelijk de doorslag. Zijn poëzie (en zijn andere werk) is van een hoog niveau, aldus de jury.

Grote waardering voor de andere genomineerden

Het college van B en W heeft het advies van de commissie overgenomen. Tegelijk is er ook grote waardering voor de andere genomineerden. Vooral Weispield en Tommy hebbende gemeente in 2018 cultureel op de kaart gezet. De Berneboekedei in Terherne is een mooi voorbeeld voor andere plaatsen om de jeugd (en ouders en grootouders) enthousiast te maken voor de Friese taal. En daar is de prijs uiteindelijk ook voor bedoeld.