Wa wint de Kultuerpriis De Fryske Marren 2019? (25-10-2019)

Yn ús doarpen binne ek dit jier wer in protte produksjes west dy ’t it fertsjinje yn it sinsje set te wurden. De karkommisje fan de Kultuerpriis De Fryske Marren ropt ynwenners en pleatslike belangen op om foardrachten foar de priis te dwaan: is der yn jo doarp in moai iepenloftspul útfierd? Hat jimme toanielferiening in treflik stik op ‘e planken set? Hat in doarpsgenoat in nijsgjirrich boek yn de Fryske taal publisearre? Is jim jongerein aktyf mei  muzyk en dogge se dat yn it Frysk? Dan kin dy feriening of dy doarpsgenoat yn oanmerking komme foar de priis!

Wêrom jouwe wy de priis?

Yn De Fryske Marren wurdt in protte Frysk brûkt, sa as út sifers blykt: 70 oant 80% fan ús ynwenners  praat Frysk, 80 oant 90% ferstiet it ek. Wy wolle graach dat dat op syn minst gelyk bliuwt, mar leaver noch dat it ferbettert. De gemeente wol dêrom it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Kultuerpriis is dêr in middel ta. Wy wolle dêr de doarpsbelangen en ús ynwenners graach by belûke. De priis bestiet út in bedrach fan € 750,- en wurdt elk jier útrikt. Ferline jier wûn dichter en skriuwer Eppie Dam út Sleat de priis foar syn dichtbondel Ienkennich lânskip.

Oanmelde foar 23 novimber

Jim kinne de feriening of de doarpsgenoat dy’t foar de priis yn oanmerking komme kin, oanmelde troch foar 23 novimber in mail te stjoeren nei: info@defryskemarren.nl mei de namme fan de feriening/doarpsgenoat en telefoannûmer en emailadres fan de kontaktpersoan. Graach maile t.a.f. Yde Wierda. Wolle jim  by de foardracht wol yn it koart oanjaan wêrom at jim fine dat de feriening of de doarpsgenoat yn oanmerking komt foar de priis? Graach as foardrager jo namme, emailadres en telefoannûmer yn de mail sette. Alfêst tige tank foar jo meitinken!



Wie wint de cultuurprijs De Fryske Marren 2019?

In onze dorpen zijn elk jaar producties, die het verdienen om in het zonnetje gezet te worden. De beoordelingscommissie van Kultuerpriis De Fryske Marren roept inwoners en plaatselijke belangen op om een voordracht voor de prijs te doen: Is er in uw dorp een mooi Openluchtspel uitgevoerd? Heeft de toneelvereniging een voortreffelijk stuk op de planken gezet? Is er een inwoner die een bijzonder Friestalig boek gepubliceerd heeft? Is er een groep jongeren in het dorp die actief zijn met muziek en doen ze dat in het Fries? Dan kan die vereniging of die dorpsgenoot in aanmerking komen voor de Kultuerpriis De Fryske Marren.

Waarom reiken wij de prijs uit?

In De Fryske Marren wordt de Friese taal nog veel gebruikt, dat blijkt uit cijfers. 70 tot 80% van de inwoners spreekt Fries, 80 tot 90 % verstaat het. Wij willen dat dat op z’n minst gelijk blijft, maar liever zien we dat het nog beter wordt. De gemeente wil daarom het gebruik van het Fries stimuleren. De uitreiking van de Kultuerpriis is daarvoor een mogelijkheid. Daar betrekken we de dorpsbelangen en onze inwoners ook bij. De prijs bestaat uit een bedrag van € 750 en wordt jaarlijks uitgereikt. Vorig jaar won dichter en schrijver Eppie Dam uit Sloten de prijs voor zijn dichtbundel Ienkennich lânskip.

Aanmelden voor 23 november

U kunt de vereniging of uw dorpsgenoot waarvan u vindt dat die voor de prijs in aanmerking kan komen aanmelden door voor 23 november een email te sturen naar: info@defryskemarren.nl met de naam en contactgegevens van de vereniging/dorpsgenoot, inclusief emailadres en telefoonnummer van de contactpersoon. Graag mailen t.a.v. Yde Wierda . Wilt u bij de voordracht in het kort aangeven waarom u vindt dat de vereniging/persoon in aanmerking kan komen voor de prijs? Als voordrager ook graag uw naam, emailadres en telefoonnummer in de mail zetten. Alvast bedankt voor uw meedenken!