Sûnenssoarch & wolwêzen
Wat wolle we berikke?
Taal yn de soarch is in wichtich ynstrumint. Dyn memmetaal is ommers de taal dêr’t men jin it bêste yn uterje kin. Dyn memmetaal stelt dy op dyn gemak, soarget foar ferbining, biedt treast en hat ynfloed op betrouwen. As gemeente fine wy it dêrom wichtich dat der yn de soarch omtinken is foar it Frysk en dat ynwenners it Frysk brûke kinne as sy dat wolle. It konsultaasjeburo, de Afûk en klantmanagers spylje dêr in wichtige rol yn.