Ûnderwiis
De oerdracht fan it Frysk tusken generaasjes is ien fan de wichtichste pylders fan UNESCO’s taalfitaliteitsmodel en as gemeente sjogge wy dat bern in wichtige rol spylje yn de takomst foar it Frysk. As bern opgroeie mei it Frysk dan sil it normaal wurde om it Frysk ek op lettere leeftyd brûken te bliuwen. Sawol âlden, berne-opfang, as skoallen spylje dêr in wichtige rol yn. Tagelyk witte wy dat de direkte ynfloed fan de gemeente op âlden, bern en skoallen beheind is. Alden binne sels ferantwurdlik foar it grutbringen fan harren bern en ek skoallen binne autonoom. Gelokkich is der op de opfang en yn it ûnderwiis al omtinken foar it Frysk. As gemeente wolle wy dit stimulearjen bliuwe. De ambysje is dat alle pjutte- en berne-opfanglokaasjes meartalich binne en dat alle skoallen (primêr en fuortset ûnderwiis) yn 2030 foldogge oan it ‘a -profyl’ Frysk. Skoallen mei in a-profyl hawwe genôch oanbod op it ferstean, praten, lêzen en skriuwen fan it Frysk. Wy wolle dat alle bern de kâns krije om yn oanrekking te kommen mei it Frysk en dat boartsjendewei leare kinne.