Wa wint de Fryske Taal- en Kultuerpriis fan De Fryske Marren 2023?

11 januari 2024

Dit jier set gemeente De Fryske Marren wer in Frysktalich kultureel inisjatyf of persoan yn ús gemeente yn it sintsje, mei de Fryske Taal- en Kultuerpriis. Eltsenien kin der nominaasjes foar yntsjinje. De priis wurdt útrikt op ‘de dei fan de memmetaal’, op woansdei 21 febrewaris 2024. De priis bestiet út in bedrach fan €750. Ferline jier kear wûn it radioprogramma Gaastnijs fan Radio Spannenburg

Wêrom jouwe wy de priis?

Yn De Fryske Marren wurdt in protte Frysk brûkt. De gemeente wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Taal- en Kultuerpriis is dêr in middel ta. Oan de hân fan alle nominaasjes kiest de sjuery in winner. De sjuery bestiet út Douwkje Douma, Meindert Tjerkstra en wethâlder Chris van Hes.

Oanmelde úterlik 19 jannewaris 2024

Kinne jo in persoan, organisaasje of groep dy ’t him it ôfrûne jier ynset hat foar de Fryske taal yn De Fryske Marren? En fine jo dat dy de Fryske Kultuerpriis 2023 fertsjinnet? Of wolle jo sels de Fryske Kultuerpriis yn ‘e wacht slepe? Mail dat dan úterlik freed 19 jannewaris 2024 nei communicatie@defryskemarren.nl.

Fansels is it fan belang dat jo derby sette werom’t dizze persoan, feriening of groep de priis ferstjinnet.

Het laatste nieuws