Boargemaster en wethâlders lêze foar yn it Frysk
De ôfrûne wiken hawwe boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren op ferskillende basisskoallen foarlêzen yn it Frysk. Se diene dat yn it ramt fan de Lês-mar-foar-wiken, dy’t de gemeente yn gearwurking mei de Bibliotheek Mar & Fean organisearret.
Mei de Lês-mar-foar-wiken krije bern op in leuke en ûntspannen manier de kâns om te genietsjen fan Fryske ferhalen. Foarlêzen is net allinnich gesellich, mar draacht ek by oan de taalûntwikkeling fan bern en lit harren op in natuerlike wize yn ’e kunde komme mei it Frysk.
Frysk lêze mei de bern
Foar boargemaster Leo Pieter Stoel wie it foarlêzen ek in moaie kâns om syn Frysk te oefenjen: “Ik folgje op it stuit in kursus Frysk, dus dit wie foar my in moai momint om it Frysk lêzen te oefenjen. Ik fûn it hiel moai om dit mei de bern te dwaan. En neffens my gie it goed!”
Wethâlder Chris van Hes sjocht yn it foarlêzen in moaie kâns om bern op in positive manier mei de Fryske taal yn kontakt te bringen: “Foarlêze yn it Frysk is in moaie manier om bern leechdrompelich it Frysk mei te jaan.”
De oare wethâlders fan De Fryske Marren lêzen de ôfrûne wiken ek foar op ferskillende basisskoallen. Se lêzen it ferhaal Fin de Spin foar út Lês mar sels! en namen foar de skoallen it sykboek Wêr is Keimpe? mei.
In feestje om foar te lêzen
Foar wethâlder Barbara Gardeniers wie it foarlêzen “in moaie ûnderfining”. Wethâlder Jan van Zanden fûn it “prachtich om foar te lêzen en mei de bern in ferhaal te belibjen, yn ús memmetaal”.
It ferhaal fan Fin de Spin soarge ek foar de nedige spanning. Wethâlder Remboud van Iddekinge: “It ferhaal fan Fin de Spin wie sa spannend, dat de foarlêzer it noch enger fûn as de bern.”
Wethâlder Sippy van der Meer lies foar oan groep 2 en 3 fan basisskoalle De Bolster yn Balk. Foar har is foarlêzen in wichtige manier om by te dragen oan de taalûntwikkeling fan bern: “Foarlêze is sa belangryk foar de taalûntwikkeling fan ús bern. En foarlêze yn it Frysk is foar my in feestje.”
Mei de Lês-mar-foar-wiken wolle de gemeente en de Bibliotheek Mar & Fean bern op in leuke wize yn ’e kunde komme litte mei Fryske boeken en ferhalen. Want wa’t plezier hat yn lêzen, ûntdekt hieltyd wer nije ferhalen.
