Finers fan it earste ljipaai fan De Fryske Marren

10 maart 2026

Johan Deinum út Wikel hat tegearre mei syn soan Jitze tiisdei 10 maart út hannen fan boargemaster Leo Pieter Stoel de oarkonde krigen foar it finen fan it earste ljipaai fan gemeente De Fryske Marren.

Dêrby krigen se ek noch har fertsjinne finerslean. Se fûnen it aai op sneon 7 maart om 18.00 oere, op in stik lân by Tjerkgaast.De útrikking fûn plak op it gemeentehûs op De Jouwer.

Johan Deinum en zoontje Jitze, vinders van het eerste kievitsei in De Fryske Marren krijgen een oorkonde en vindersloon van burgemeester Leo Pieter Stoel. Foto: Douwe Bijlsma.

Het laatste nieuws