Oarkonde en finerslean foar finer earste ljipaai De Fryske Marren

Dit nieuwsbericht is verlopen.
13 maart 2023

Anne Wind út Penjum hat moandei 13 maart út hannen fan boargemaster Fred Veenstra de oarkonde krigen foar it finen fan it earste ljipaai fan gemeente De Fryske Marren. Dêrby krige hy ek noch syn fertsjinne finerslean. Hy fûn it aai op 12 maart, om 16.32 oere, op in stik lân by Skarsterbrêge.

De útrikking fûn plak op it provinsjehûs fan Ljouwert. Wind ûntduts snein nammentlik in saneamd ‘twake’ wêrtroch’t hy yn ien klap it earste ljipaai fan Fryslân én dat fan De Fryske Marren fûn. Fan Arno Brok, kommissaris fan de kening, krige hy de ‘Sulveren Ljip’.

Het laatste nieuws