Frysk
Fan herte wolkom op de side oer it Frysk yn ús moaie gemeente De Fryske Marren. Wy binne in Fryske gemeente dy’t in grut belang hechtet oan it behâld en de fersterking fan de Fryske taal, kultuer en identiteit. Mei ús ambisjeuze en aktive Fryske taalbelied (2025–2028) wolle wy it Frysk net allinnich trochjaan oan nije generaasjes, mar ek sichtber en brûkber meitsje yn it deistich libben, sadat Friezen harren frij fiele om de taal oeral te brûken.
It belied slút oan by de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) en de provinsjale Taalnota Fansels Frysk en is in libjend dokumint dat wy regelmjittich evaluearje en wêr’t nedich bystjoere. As gemeente wolle wy hjirmei sels it goede foarbyld jaan. Yn it belied wurkje wy oan 5 domeinen. Hjirûnder kinst per domein sjen hoe’t it Frysk dêr plak hat.
Frysk yn ‘e gemeente
De gemeente hat in foarbyldfunksje en dit jildt ek foar it brûken fan it Frysk.
Ûnderwiis
De oerdracht fan it Frysk tusken generaasjes is ien fan de wichtichste pylders fan UNESCO’s taalfitaliteitsmodel en as gemeente sjogge wy dat bern in wichtige rol spylje yn de takomst foar it Frysk.
Sûnenssoarch & wolwêzen
Taal yn de soarch is in wichtich ynstrumint. Dyn memmetaal is ommers de taal dêr’t men jin it bêste yn uterje kin.
Keunsten, kultuer & media
Keunsten, kultuer en media binne fan grutte wearde. It emoasjonearret, ynformearret, fermakket en ferriket
Bedriuwslibben & toerisme
De Fryske taal en kultuer is unyk foar ús provinsje.